Hjirûnder in opsomming fan de kritearia wêrmei’t kliïnten yn oanmerking komme foar soarch troch In-Menz. Us fyzje is om der sa folle mooglik foar elkenien te wêzen.
Wy biede soarch oan kliïnten fan alle leeftiden mei lytse en gruttere helpfragen. Us ekspertize beslacht de spesjalistyske jeugdzorg: diagnostyk, behanneling, ambulante helpferliening en by psychyske, emosjonele of sosjale problemen. Hjirûnder in opsomming fan gebieten dêr’t helpfragen ûnder oare op rjochte wêze kinne:
- Problemen mei selsbyld
- Untwikkelingsproblemen
- AD(H)D/gedrachsproblemen
- Emosjonele problemen (lilkens, fertriet, ferlies)
- Autisme
- Eangst / panyk / twang
- Stimmingsproblemen (depresje)
- Hechting/trauma
- Learproblemen
- Persoanlikheidsproblemen, mylde klachten
- Systeemproblematyk (gesinsynteraksje / skieding / Kopp)
- Âlden dy’t mear ynsjoch krije wolle yn it hoe en wêrom fan bepaald gedrach fan harren bern en ferlet hawwe fan dúdlike hânfetten
- Âlden dy’t (opnij) spulplezier mei har bern leare wolle te belibjen
- Alders dy’t werom wolle yn de âlderposysje
- Gesinnen dêr’t ûnderlinge relaasje problematysk ferrinne en dêr’t de koheezje ûntbrekt
- Hannelingsrjochte diagnostyk
- Sosjale trainingen
- Wy kinne in breed oanbod leverje út de folgjende dissiplines:
Ortopedagogen, fakterapeuten, systeemterapeuten, jeugdbehannelers, gesinsbehannelers, EMDR-terapeut en in relaasjeterapeut.
Wy wurkje op lokaasje en op ambulante basis.
Alle meiwurkers fan In-Menz hawwe in SKJ-registratie en steane ûnder supervizje fan in orthopedagoog/systeemterapeut.